Nochris sjen nei weryndieling

© Omrop Fryslân
De gemeente Littenseradiel wol dat der nochris goed sjoen wurdt nei de weryndieling fan fiif Súdwesthoeke gemeenten. De fúzje moat nochris yn in breder provinsjaal ferbân tsjin it ljocht hâlden wurde. Littenseradiel fynt dat de gefolgen fan de weryndieling foar gemeenten om de nije gemeente hinne noch net goed besjoen binne.
Ek omdat Littenseradiel in hiel soad saken en tsjinsten regelt mei de no noch selstannige fúzjegemeenten.