Keamerkommisje nei Fryslân

© Omrop Fryslân
De Twadde Keamerkommisje fan Definsje komt kommende moandei nei Marsum om ûndersyk te dwaan nei de lûdsoerlêst fan de fleanbasis Ljouwert. En dan benammen it leven fan it nije JSF-tastel. De keamerleden prate yn Marsum mei bewenners, boargemaster Van Delft fan Menameradiel en deputearre Adema.
Ek basiskommendant kolonel Den Drijver jout ynformaasje.