Plysje:wapen- en drugsûndersyk

04 feb 2009 - 16:29
  • Der waard mei man en macht in ynfal dien yn It Eilân yn Snits

De plysje Fryslân is dwaande mei in grut ûndersyk nei wapenhandel en de handel yn drugs. De plysje hat rûnom yn Fryslân by njoggen wenningen en twa bedriuwen ynfallen dien. Dêrby binne trije minsken oppakt: twa manlju út Drachten en ien út Snits. By de ynfallen waarden op ferskate plakken wapens en munysje oantroffen.

Der waard ek in ynfal dien by Jel Dykstra (79) yn Snits. Dat wie nedich omdat by sokke saken gjin risiko nommen wurdt, sa seit de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)