Wyk De Bouwen wurdt oanpakt

© Omrop Fryslân
Wyk De Bouwen yn Drachten giet hielendal op de skeppe. De wyk foldocht net mear oan de hjoeddeiske easken. Woansdei wie de start fan it opknappen fan it Reidingpark. It park sil no feiliger en tagonkliker makke wurde.
It is net allinnich it park dat opknapt wurdt. De wyk wurdt hielendal fernijd. Dat betsjut ûnder oaren it opknappen fan huzen, mar ek kinne wenten sloopt wurde. Dêrmei wurdt de kommende moannen út ein set.