Spoarbrêge Akkrum wer stikken

© Omrop Fryslân
De spoarbrêge yn Akkrum leit der wer út foar it skipfeartferkear en neffens provinsjale wettersteat komt it moandei pas goed. De brêge bleau woansdei heal iepen stean wêrtroch sawol skipfeartferkear en treinferkear der gjin gebrûk fan meitsje koe.
Letter is de brêge mei de hân nei ûnderen draaid, sadat de trein der wol oerhinne koe. It ôfrûne jier ha der folle faker steurings west mei de nije spoarbrêge. Safolle dat it sels ta fragen yn de Twadde Keamer laat hat.