Ynternet yn trein nei Grins

04 feb 2009 - 10:31

Treinreizgers tusken Ljouwert en Grins kinne fan nije wike ôf fergees gebrûk meitsje fan it ynternet. It is in proef fan Arriva, KPN en spoarbehearder Prorail. De ynternetters brûke in mobyl datanetwerk dat ûnder oare ek brûkt wurdt foar mear feiligens op it spoar.

De proef sil twa moanne duorje. Minister fan ferkear en wettersteat Camiel Eurlings sil oankommende moandei it startskot jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)