Ungelok mei bromscooter

04 feb 2009 - 10:20

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok tiisdeitemoarn yn Seisbierrum. In bestjoerder fan in bromscooter (24) ried oer it fytspaad njonken de Hearewei tusken Seisbierrum en Winaam. Foar him ried in groep fan fjouwer of fiif fytsers oer de hiele breedte fan it fytspaad. Se reagearren net op de klakson en op ljochtsinjalen.

De man besocht se yn te heljen, mar omdat de fytsers net oan de kant giene, ferlear er de macht oer it stjoer. Hy hat skea oan de bromscooter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)