Nij omropblog: Hawar Hamar

Dieuwke sil blogge út Hamar wei...
Reedrydferslachjouster Dieuwke Kroese fan Omrop Fryslân is woansdei, lykas in soad oare Friezen, op wei gien nei Noarwegen foar de WK hurdriden yn it Vikingsskip fan Hamar.
Tegearre mei kameraman Abe Visser sil Dieuwke fansels titelkandidaat Sven Kramer folgje. Yn har weblog Hawar Hamar sil Dieuwke net allinnich oer de hurdrider fan It Fean skriuwe, mar ek oer al dy oare Friezen yn Hamar lykas de reedrydfans en de minsken dy't 'yn funksje' by it WK binne.