Ien griffier Snits en Wymbrits

© Omrop Fryslân
De gemeenten Snits en Wymbritseradiel krije in mienskiplike riedsgriffier. Dat is besletten mei it each op de kommende fúzje tusken fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke.
Snits en Wybritseradiel meitsje dêr diel fan út. Doe't der in fakatuere foar in griffier ûntstie yn Wymbritseradiel is besletten de griffier fan Snits dêr foar yn te skeakeljen. Dy wurket no tolve oeren fan syn tiid yn Wymbritseradiel. De oare oeren is er beskikber yn Snits.