Three-Ality komt mei earste cd

De foarkant fan de cd fan Three-Ality
De Fryske groep Three-Ality komt dizze moanne mei har debútalbum 't Minne. Op it album stean âld-Hollânske teksten út de Midsieuwen dy't op muzyk set binne. It giet om in projekt fan producer Onno Krijn út Amsterdam.
Three-Ality bestiet út trije jonge froulju út Ljouwert. De groep wûn yn 2001 it Fryske sjongfestival Liet mei it nûmer Fûgelfrij.