Ekstra ryksjild foar Ljouwert

04 feb 2009 - 06:26

De gemeente Ljouwert krijt fyftjin miljoen euro ekstra fan it Ryk om achterstânswiken op te knappen. Ljouwert krijt it jild omdat dêr yn fergelyk mei oare stêden in soad achterstânswiken binne. Mei it jild wurde ûnder oare âlde huzen ferfongen troch nije.

Wethâlder Roel Sluiter fan Ljouwert is wiis mei it ekstra jild. Hy hie op in folle legere bydrage rekkene, omdat it Ryk weromhâldend wurden is mei it útjaan fan jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)