Hearrenfean ûnderút yn Arnhem

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean is tiisdeitejûn yn Arnhem tsjin it earste ferlies fan dit jier oanrûn. Nicky Hofs makke fiif minuten foar tiid de iennichste treffer foar Vitesse (1-0).
Beide ploegen makken der net in spektakel fan. By Hearrenfean, mei Kalou yn de spits, hiene tefolle spilers in snipperdei. De Feansters krigen in trije geweldige kânsen, mar Popov, Smárason en Paulo Henrique fûnen de peal of keeper Piet Velthuizen op harren paad.