VVD'er Potjer docht stap tebek

© Omrop Fryslân
De VVD-fraksje yn de gemeenteried fan Smellingerlân krijt in nije fraksjefoarsitter. Barend Potjer makket plak foar Marjan van der Aart.
It VVD-bestjoer sei yn 2007 it fertrouwen yn Potjer op, mar dat bestjoer stapte úteinlik sels op doe't bliken die dat de leden it bestjoer net stipen. Potjer tsjinnet syn termyn oant maart 2010 út as riedslied foar de VVD. Hy makket no alfêst plak foar syn opfolger.