Leger rêdt eilân Skuttelpoel

© Omrop Fryslân
It leger sil it eilantsje yn de Skuttelpoel rêde fan de ûndergong. Tritich soldaten fan de sjeny bringe nije wike mei flotten 300 ton natoerstien nei it eilantsje. Dat driget troch ôfslach hielendal te ferdwinen.
De Skuttelpoel leit tusken Heech en Aldegea (W) en is eigendom fan Steatsboskbehear. De militêren sjogge it putsje as in goeie oefening en sille de wike dat it wurk duorret kampeare yn de greiden oan de poel.