Keamer hat te min ynfo oer JSF

03 feb 2009 - 17:54

De Twadde_Keamer moat mear en bettere ynformaasje krije oer de JSF, de mooglike opfolger fan de F-16. Dat soe moatte foardat de Keamer in beslút nimme kin oer de oanskaf. Dat is de konklúzje fan it rapport fan de algemiene rekkenkeamer.

Ynwenners fan de omlizzende doarpen binne benaud foar de oanskaf fan it Amerikaanske fleantúch. De JSF makket folle mear leven as de F-16. Dat soe betsjutte kinne dat huzen sloopt wurde moatte, om't isolearen gjin sin hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)