Makelder jout minsken dien

De makelder hat lêst fan de krisis
Makelderskantoar Boelens_Jorritsma hat ûntslach oanfrege foar hast de helte fan it personiel. Foar 35 fan de 75 meiwurkers is gjin plak mear, no't de huzemerk folslein op slot sit. Boelens Jorritsma is de grutste makelder yn Noard-Nederlân mei njoggen fêstigingen.
By fêstigingen yn Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean is foar seis fan de tolve minsken ûntslach oanfrege by it CWI.