Lykspul foar beloften Cambuur

03 feb 2009 - 12:54

De beloften fan SC_Cambuur ha moandeitejûn mei 2-2 lykspile yn en tsjin Volendam. In knap resultaat fan de ploech fan trainer Wim_de_Ron, tsjin de nûmer twa fan de kompetysje. Sels stiet SC_Cambuur ien nei lêste.

Volendam kaam earst op foarsprong mar Aziz_Geik soarge foar de lykmakker. Dêrnei skeat Kees_Pier_Tol, sels Volendammer, Cambuur op foarsprong. In kertier foar tiid foel de 2-2. Tsjinfaller wie it útfallen fan keeper Robert_te_Loeke mei in heupblessuere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)