Väyrynen is wiken útskeakele

03 feb 2009 - 12:39

SC Hearrenfean kin trije oant fjouwer wiken gjin berop dwaan op Mika Väyrynen. Yn it slimste gefal is er sels seis oant acht wiken útskeakele. Dat meldt de medyske stêf tiisdei op de webside fan de fuotbalclub. Väyrynen rûn sneon yn de wedstryd tsjin Ajax in knibbelblessuere op. Hy moat earst in wike rêst ha. Dêrnei kin er wer foarsichtich traine.

Op woansdei 4 maart spilet SC Hearrenfean thús de bekerwedstryd tsjin NEC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)