Mûne Windlust wurdt opknapt

03 feb 2009 - 12:28

De mûne Windlust út 1888 yn Wolvegea wurdt opknapt. De ried fan Weststellingwerf stelt 245.000 euro beskikber en der komt nochris 175.000 euro by fan it Ryk. Dan moat it wurk wol dit jier klear wêze.

Mûner Klaas Lenstra hat wol in idee wat der gebeure moat om Windlust wer yn âlde gloarje te krijen, mar hy hat der noch gjin kontakt oer hân mei de gemeente. De gemeente Weststellingwerf is eigner fan de mûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)