Minder jild foar ROC's

03 feb 2009 - 12:17

De ROC's yn Fryslân rinne mooglik miljoenen euro's mis no't de oaljeprizen sakje. De skoallen brûke it jild foar ûnderwiisfernijings. Dat jild is troch it ministearje keppele oan de ierdgasbaten. De Friese Poort hat dêrtroch de kommende jierren 1,8 miljoen euro minder.

It AOC moat it mei 230.000 euro minder dwaan. It Friesland College krijt oardel miljoen euro minder oan subsydzje. Dy oplieding moat mei elkoar fiif miljoen euro besunigje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)