Ferlies Hearrenfean froulju

02 feb 2009 - 22:05

De froulju fan Sportklup Hearrenfean ha moandeitejûn de ynhelwedstriid tsjin AZ mei 3-1 ferlern. Yn Alkmaar kaam de ploech fan trainer Harry_Sinkgraven yn de earste helte noch wol op foarsprong troch Leonie_van_der_Velde.

Yn de twadde helte makke in better AZ dien wurk. Daphne_Koster en Chantal_de_Ridder (2) joegen de oerwinning fan de regearjend lânskampioen glâns. AZ is no koprinner (25 út 13), Hearrenfean is fyfde mei 14 punten út 13 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)