Ljouwert: Heak gau oanlizze

De gemeente wol de Heak graach sa mooglik oanlizze litte
Ljouwert pleitet by it kabinet foar in rappe oanlis fan de Heak om Ljouwert troch it skrassen fan prosedueres om de luchtkwaliteit.
Yn de Rânestêd binne soksoarte fan prosedueres nedich fanwege de problemen mei fyn stostof, mar yn Fryslân net. Dat sei wethâlder Henk Deinum fan Ljouwert moandei op in ûndernimmerslunch. It flugger oanlizzen fan de heak is ûnderdiel fan in pakket oan maatregels om Ljouwert troch de ekonomyske dip te helpen.