Boeren wolle mear guozzejild

02 feb 2009 - 14:24

Fyftich oant hûndert boeren yn benammen de Súdwesthoeke freegje de provinsje om mear jild foar de skea dy´t guozzen ferline maitiid oanrjochte hawwe.

De skea falt nammentlik net ûnder in nije en bettere regeling dy ´t yn de simmer fan ferline jier yngie. De organisaasje foar Agrarysk Natoerbehear ´Boer en Natuur´ freget de provinsje no ek de âlde skea neffens de nije regeling de fergoedzjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)