Natoerwearde boezem fersterkje

02 feb 2009 - 14:02

Wetterskip Fryslân ûndersiket hoe´t de natoer- en rekreaasjewearde fan ´e Fryske boezem fersterke wurde kin. De fraach is oft hegere kaden dêroan bydrage kinne. Troch it útfieren fan it feilichheidsplan soene boezemkaden yn ´e takomst tsien sentimeter leger oanlein wurde kinne.

It Wetterskip soe dêr yn de rin fan dit jier mei begjinne kinne. As de kaden net leger oanlein wurde, jout dat mooglikheden foar mear wetterberging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)