Diks krijt Geldersk wachtjild

02 feb 2009 - 10:31

Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert krijt noch altyd wachtjild fan 'e provinsje Gelderlân. Diks siet twa jier lyn foar GrienLinks yn de Steaten en hat rjocht op mei-inoar twa jier wachtjild. Dat betsjut dat se neist har salaris as wethâlder nochris 670 euro yn 'e moanne krijt fan Gelderlân.

Guon partijen yn 'e Steaten fan Gelderlân binne dêr bot fernuvere oer. Ek Diks har partij yn de ried fan Ljouwert, PAL/GrienLinks, is ferrast troch it nijs oer it wachtjild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)