Flyers ûnderút yn Nijmegen

© Omrop Fryslân
De Hajé Flyers ha ek de twadde wedstriid fan dit wykein ferlern. Yn Nijmegen wie de thúsploech mei 3-2 te sterk. De perioadestannen: 2-1, 0-0 en 1-1. Nijmegen kaam op foarsprong troch âld-Flyer Marco Postma. Paul Vincent soarge foar de lykmakker, Matt Armstrong sette Nijmegen op 2-1. Deselde spiler makke yn de tredde perioade, mei oan beide kanten in protte staffen, ek de 3-1.
Travis Chapman soarge yn it lêst foar de twadde Feanster goal: 3-2.