Aris ferliest yn Brabân

01 feb 2009 - 20:53

De basketballers fan Aris Friesland ha sneintemiddei mei rom ferskil ferlern yn Bergen op Zoom fan de West-Brabant Giants. De einstân 95-69. Yn it earste kwart hie Aris noch in lytse foarsprong: 18-15. It ferskil waard makke yn it twadde kwart: 35-15 foar de Giants. Yn it tredde kwart waard it gat noch grutter: 26-19, it lêste kwart einige yn 19-18 foar de thúsploech.

Allinne Matt Bauscher wie produktyf mei syn 26 punten. Aris is no tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)