Nije gearwurking: FC Stenden

© Omrop Fryslân
It Friesland College en Stenden University komme mei in nije foarm fan gearwurking tusken it MBO en it HBO. Se sille mei-inoar projekten dwaan. De nije gearwurking op it mêd fan ûnderwiis en kultuer hjit FC Stenden. De opliedings op de beide skoallen moatte sa better op elkoar oanslute.
Der streame no noch te min MBO-learlingen troch nei it HBO. Boppedat komt fan ien op 'e trije studinten dy't op dit stuit it HBO net ôfmakket fan it MBO.