Dronken op lekke bannen ride

© Omrop Fryslân
Ferskate autobestjoerders binne dit wykein trapearre op dronken riden. In begjinnend bestjoerder (24) ried sneintemoarn betiid op It Hearrenfean op twa lekke bannen tsjin it ferkear yn, wylst er dronken wie. Dat wie op 'e Boargemaster Falkenawei.
Yn Frjentsjer rûn in 43-jierrige tsjin de lampe. Hy wie dronken en hie gjin rydbewiis by him. Der man is al 22 kear oanhâlden foar dronken riden. Yn Easterwâlde en Burgum waarden ek drankriders pakt.