Kramer wint Winterloop

Gerrit Kramer (argyf)
Boalserter Gerrit_Kramer hat snein de Winterloop yn Snits oer 8,3 kilometer wûn. Mei in tiid fan 28,48 einige er as earste. Op njoggen tellen achterstân finishte Jan Albert Veenema fan Boalsert as twadde. Siep Nota fan Snits waard tred yn 30,17.
Ylona_Kruis fan Ysbrechtum wie de bêste frou. Sy wûn yn in tiid fan 33,36. Pas nei 3 minuten en 28 sekonden kaam Liesbeth Steenbergen fan Snits as twadde oan. Anneke de Boer fan Nijlân waard mei 36,21 treds.