Hok oan hûs útbaarnd yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei in brân yn in hok achter in hûs oan 'e Ernst Casimirstrjitte yn Snits. De 49-jierrige bewenner seach sneintemoarn betiid dat it hok dat tsjin de achterein oanboud is, yn 'e brân stie. It guod dat deryn stie, is allegearre opbaarnd, ek twa fytsen.
De brânwacht soarge derfoar dat it fjoer net fierder kaam. De frou fan 'e bewenner wie sa oerstjoer dat se mei de sikewein nei it sikehûs brocht is. Nei alle gedachten hat se hertklachten.