De Rouwe wer bêste debater

01 feb 2009 - 11:25

CDA-keamerlid Sander De Rouwe fan Boalsert mei himsels in jier lang de bêste debater fan it CDA neame. Hy wûn it lanlik debattoernoai fan de partij, yn Den Haach.

It is net de earste kear dat De Rouwe yn de prizen falt mei in debatwedstryd. Yn desimber 2007 wûn er de priis foar it bêste debattearende parleminstlid dat nij is yn de keamer. CDA-wethâlder Hilbrand Visser fan Kollumerlân die ek mei. Hy waard seisde yn de wedstryd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)