Nauta en Smit nei WK junioaren

31 jan 2009 - 23:48

De Fryske reedrydsters Yvonne_Nauta en Janine_Smit meie nei it WK Allround foar junioaren yn Poalen. Se pleatsten harren sneon op it NK yn Utrecht. Nauta út Twellingea waard dêr twadde en Smit fan It Hearrenfean sechsde. Roxanne van Hemert út Wassenaar wie de bêste op it NK.

Nauta stie foar de ôfslutende 3000 meter noch fjirde, mar makke it doe dochs noch goed mei in twadde plak yn in einklassemint. It WK Allround begjint op 20 febrewaris yn Zakopane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)