Gjin liening foar bedriuwen

Sjoch op meldpuntkredietcrisis.nl
In soad bedriuwen yn it Noarden krije gjin liening fan banken om te ynvestearjen. Dat docht bliken út de 50 reaksjes dy't binnenkaam binne op de webside meldpuntkredietcrisis.nl. Dy side is koartlyn opset troch ûndernimmersorganisaasje VNO-NCW.
Undernimmers kinne dêr op oanjaan wat foar neidielige gefolgen de kredytkrisis foar har hat. VNO-NCW fynt dat de lanlike oerheid garânsjes jaan moat oan banken, sadat se minder weromhâldend wurde mei krediten jaan.