Sven Kramer fjird op 1500 m.

Sven Kramer (foto: Martin de Jong)
Op de wrâldbekerwedstriden sneon yn Erfurt helle Sven Kramer in fjirde plak op de 1500 meter. Kramer einige yn in tiid fan 1.46,36 en dat wie in goede tel efter de Kanadeeske wrâldrekordhâlder Denny Morrison.
Syn winnende tiid wie 1.45,32. De Amerikaan Trevor Marsicano waard twadde en Shani Davis tred. Kramer stiet yn it klassemint om de wrâldbeker op it fyfde plak mei 184 punten. Op dizze ôfstân stiet de Noar Bøkko op it earste plak mei 255 punten.