Sieds Wiersma wint Pinguinloop

31 jan 2009 - 13:19

De Pinguinloop yn Drachten is sneon wûn troch Sieds Wiersma. De ynwenner fan Drachten rûn de 21 kilometer yn in tiid fan 1.20,37. Wiersma wie 40 tellen rapper as de nûmer twa Eelco Hoogeveen fan Blije.

Tred waard de Ljouwerter Otto de Boer mei 1.23,57. Drachtster René Jaasma wûn de wedstriid oer alve kilometer. Oan dizze rin diene 227 atleten mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)