Dantumadiel wol fan keten ôf

31 jan 2009 - 12:42

Dantumadiel wol sa gau mooglik fan de yllegale keten yn de gemeente ôf. Se foldogge net oan de foarskriften op it mêd fan bestimming, hoareka en brânfeiligens, seit de gemeente.

Mocht der bygelyks wat slims barre, dan wurdt Dantumadiel dêrop ôfrekkene. Op 24 febrewaris nimt de ried in definityf beslút. Nei alle gedachten moatte fjouwer keten yn Dantumadiel ticht. Dy fan Damwâld en Rinsumageast meie foarearst iepen bliuwe oant de doarpshuzen yn dy plakken klear binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)