Man swaait mei wapens

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige ynwenner fan Wynjewâld is juster oanhâlden omt hy yn syn wente mei wapens stie te swaaien. De plysje kaam foar in melding fan lûdsoerlêst, mar seach troch it rút dat de man mei twa gewearen swaaide.
Nei't fersterking oproppen wie twong de plysje de man de wente út te kommen. Omt de man in mes yn syn hannen hie is hy, wylst hy ûnder skot hâlden waard, tsjin de grûn wurke en boeid. Twa buksen en in mes binne yn beslach naam. De man sit yn de sel.