Skarsterlân wol jild oerhâlde

© Omrop Fryslân
De gemeente Skarsterlân komt mei maatregels om alle jierren twa miljoen euro oer te hâlden. De besunigings binne nedich omdat Skarsterlân no elts jier in tekoart hat fan dik ien miljoen euro. De útjeften binne grutter as de ynkomsten.
De gemeente ferheget ûnder oare de BTW foar de ôffalstoffeheffing en de toeristebelesting. De besunigings betsjutte net dat Skarsterlân krap by kas sit. Der is in reserve fan tweintich miljoen euro.