Undersyk nei knoeie mei akten

© Omrop Fryslân
De Ryksresjerzje stelt yn opdracht fan it Iepenbier Ministearje in ûndersyk yn nei de gong fan saken by it ynstellen fan heger berop. Oanlieding is in artikel yn de Ljouwerter Krante fan freed. Dêryn wurdt steld dat der knoeid wurdt mei akten fan heger berop.
De datum fan yntsjinjen soe ferfalske wurde at in offisier fan justysje krekt te let is mei syn fersyk ta heger berop. It OM wol dat de gong fan saken ûndersocht wurdt. Dêrnei komt it mei syn konklúzjes.