PvdA wol iisbaan by Ljouwert

30 jan 2009 - 19:53

Ljouwert moat in kilometerslange reedrydbaan yn de iepen loft krije. Dat wol de gemeenteriedsfraksje fan de PvdA. Neffens de partij is Ljouwert it ideale plak foar in keunstiisbaan, mei omdat yn de stêd it begjin- en einpunt fan de Alvestêdetocht is.

De PvdA sil it kolleezje meikoarten freegje om in ûndersyk nei de mooglikheden foar in reedrydbaan. Dêrby moat ek ûndersocht wurde at sportorganisaasjes, kennisynstituten en oare oerheden meidwaan kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)