Rekord rolstoelbasketbaljen

30 jan 2009 - 14:45

Yn Beetstersweach besykje se dit wykein it rekord rolstoelbasketbaljen te ferbetterjen. Foar it goeie doel wurdt besocht 32 oeren lang oan ien stik troch te rolstoelbasketbaljen om sa yn it Guinnes Book of Records te kommen.

It rekord stiet op 26,5 oere en is yn hannen fan de Amerikanen. De dielnimmers yn Beetstersweach tinke dêr fier oerhinne te gean. Sawol minsken mei as sûnder handikap dogge mei oan de basketbalmaraton.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)