Debat ferkeap oandielen Nuon

© Omrop Fryslân
Trije politike partijen yn Provinsjale Steaten wolle in haastdebat oer de ferkeap fan de Fryske oandielen yn Nuon. De fraksjes fan Grien Links, FNP en SP wize op de maatskiplike en politike ûnrêst dy't ûntstien is oer de gefolgen fan de privatisearring fan de enerzjymerk.
Fryslân, dy't goed 16 persint oandielen hat yn Nuon, hat 9 jier lyn besletten dat it de oandielen fan de hân dwaan wol. De trije partijen wolle no dat dat beslút opnij besjoen wurdt.