Wurkstraffen Balkster saak

Tsjin twa jonges út Harich en ien út Balk binne freed wurkstraffen easke fan 200 en 120 oeren foar diskriminaasje en mishanneling. De trije wurde derfan fertocht dat se op 7 oktober 2007 in diskriminearjende opmerking makke hawwe tsjin in donker famke. Dêrnei ûntstie in fjochtpartij en dêrby soene noch twa oare jonges mishannele wêze.
De advokaat fan twa fertochten easket frijspraak, omdat der neffens him net bewiisd is wa't klappen útdield hat.