CDA wol oersjoch farwegen

Ferbetterplan ferfier oer wetter nedich
It CDA yn de Steaten wol in brede ynventarisaasje meitsje litte fan it netwurk fan farwegen yn Fryslân. Mei de útkomsten dêrfan moat der in ferbetterplan komme, as it giet om it ferfier oer it wetter, sa fynt it CDA.
By in wurkbesite fan de partij oan Drachten waard sein dat bedriuwen yn it Noarden hieltyd faker foar Grins kieze, om't dêr gruttere skippen komme kinne. Fanwege de noch altyd groeiende drokte op de diken ferpleatst it transport him nei it wetter.