Froast pleaget amateurfuotbal

30 jan 2009 - 11:03

De KNVB hat alle wedstriden yn it amateurfuotbal dit wykein ôfsein. Sawol yn de haadklassen as yn de legere klassen wurdt net fuotballe.

It fuotbalbûn naam it beslút fanwege de froast. De measte fjilden binne dêrtroch min te bespyljen. Yn it betelle fuotbal binne noch gjin wedstriden ôfsein, mar mei it each op de steat fan de fjilden is der in kâns dat dat noch barre sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)