Messeswaaier oanholden

© Omrop Fryslân
In 20-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean is yn syn wenplak oanhâlden, omdat er op strjitte mei twa grutte messen swaaide. Tsjûgen hiene dat sjoen en warskôgen surveillearjende plysjes.
De plysjes woene de man fûllearje, mar hy wegere mei te wurkjen en fersette him. Hy waard dêrom ûnder twang fûllearre en dêrby fûn de plysje twa grutte slachtersmessen. De man is oanhâlden en nei it buro brocht.