Dongeradiel: mear toerisme

© Omrop Fryslân
De wurkgelegenheid yn it toerisme en de hoareka yn Dongeradiel moat yn de kommende jierren mei 25% groeie. Dat is de ambysje fan de gemeente en de ûndernimmers út de sektor. Dêrfoar moatte foaral yn de wintermoannen mear toeristen nei Dokkum en omkriten komme.
De gemeente hat mei de ûndernimmers in plan fan oanpak skreaun. Dêr stiet yn dat sjoen wurde sil nei lokaasjes foar aktiviteiten bûten de simmer om, lykas in golfbaan of in wellnesscenter.