Amtners gemeenten ferhúzje

© Omrop Fryslân
De gemeenten it Bilt, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en Menameradiel hawwe net langer eigen ôfdielingen foar automatisearring, personielssaken, sport, ynkeap of finansjeel behear. Alle amtners foar ien ûnderwerp sitte tenei byelkoar yn ien fan de gemeentehûzen.
Reden is dat de fjouwer gemeenten wol djipgeand gearwurkje, mar net fuseare wolle. Ynwenners kinne foar alle saken gewoan op it eigen gemeentehûs terjochte.