Meitinke oer nije namme

© Omrop Fryslân
De ynwenners fan Skerpenseel, Munnikebuorren en omkriten wurdt frege mei te tinken oer in nije namme foar de fuotbalclub. De Westhoek en VOG gean mei-elkoar fierder en wolle ek in oare namme en in oar tenu ha. Leden fan de clubs, mar ek oare minsken, meie dêroer meiprate. Se kinne op papier en op ynternet advys jaan.
Ein febrewaris wurdt op in ynformaasjejûn bekendmakke wat de nije namme wurdt en hoe´t de nije fuotbalklean derút komme te sjen.